Kaartverkoop nu ook online

//Kaartverkoop nu ook online

Kaartverkoop nu ook online

Ut e Skille

Wommels – Stichting de Freulepartij Wommels set de earste stappen op wei nei digitalisearing fan de kaartferkeap. Sûnt dizze wike hat de Freulepartij in eigen webside. Keatsleafhawwers kinne tenei ek digitaal kaarten reservearje. De kaartferkeap by Warenhuis Van der Velde bliuwt lykswols sa as it wie. Op moandei 23 july set de kaartferkeap dêr útein.

Troch Hinne Bokma

De Freule giet mei de tiid mei. It digitaal reservearren en fia iDEAL beteljen fan bank- en tribunekaarten wurdt de kommende jierren fierder útwurke. Lykas by de PC it gefal is, sil it oer in tal jierren by de Freulepartij fêst ek mooglik wêze digitaal sitplakken út te sykjen en oan te klikken en dat in pear minuten letter de bestelde kaarten út de printer rôlje. ,,Sa fier is it noch net. It is wol de takomst”, seit ponghâldster Anke Strikwerda fan de Stichting de Freulepartij.

Neist it bestellen fan kaarten fia de webshop of oan de toanbank by Van der Velde is it al in tal jierren mooglik kaarten te reservearjen troch jild op de bankrekken fan de Freulepartij oer te meitsjen. Dat bliuwt foarearst sa.

By it útsykjen fan de plakjes op de tribune leit de earste kar by de frijwilligers en sponsoren fan de Freulepartij. Dan is it de beurt oan de minsken, dy’t op moandeitemoarn ier foar de doar fan de winkel van Van der Velde sitte en dêrnei wurde de kaarten, dy’t digitaal en fia de bankrekken besteld binne, ferparte.

De opbou fan it Freulefjild is gelyk oan oare jierren. De A- en B-tribune beskikke oer kûpstuoltsjes, de twa oare tribunes ha sitbanken. De lotting fan de 116de Freulepartij is op sneon 4 augustus.

Op de webside www.defreulepartij.nl stiet alle ynformaasje oer de kaartferkeap. Dêr is ek it ferhaal fan de Freulepartij, dy’t sûnt 1903 yn Wommels ferkeatst wurdt, te finen. En wa’t witte wol hoefolle dagen, oeren, minuten en sekonden der nei de kommende Freuledei op 8 augustus noch te gean binne, kin ek op de side terjochte.

Door | 2018-05-15T18:14:43+00:00 14 mei|Kaartverkoop|