Eanjum wint 116e Freule

//Eanjum wint 116e Freule

Eanjum wint 116e Freule

It partoer fan Eanjum hat foar it earst yn de histoarje de Freulepartij wûn. Gerrit Dijkstra, Gerwin Dijkstra en Sytse Koree wiene yn de finale mei 5-1 en 6-4 te sterk foar it partoer fan Reduzum.

Eanjum wûn yn de heale finale fan it sterke partoer fan Mantgum. De beide doarpen giene oant 4-4 gelyk op. Dêrnei naam Eanjum it inisjatyf, en koene de jonges de partij mei 5-4 en 6-2 nei harren hân sette.

De 116e Freule hie 49 partoeren, dy’t yn seis omlopen striden om de gouden klokjes. Ek de twadde en de tredde priiswinners mochten in klokje mei nei hûs ta nimme.

By | 2018-08-10T09:11:11+00:00 augustus 8th, 2018|keatsen|