Kaartferkeap via webside wer iepen!

//Kaartferkeap via webside wer iepen!

Kaartferkeap via webside wer iepen!

De sinne komt der stadichoan al wat mear by, en it gers begjint wer te groeien. It duorret net lang mear of de earste keatsballen fleane wer oer de fjilden hinne. Ek by de organisaasje fan de Freulepartij begjint it te kriebeljen. Oer fjouwer moanne is it alwer safier, de 114e Freulepartij yn Wommels. Foar wa’t no al wis wêze wol fan kaarten, is de kaartferkeap fia de webside al mooglik. Sjoch hjirfoar by it kopke ‘kaartferkeap’. Wy binne al oan it ôftellen! 

By | 2019-04-09T11:58:23+00:00 april 9th, 2019|keatsen|