Nijs fan in oantal sponsoren

//Nijs fan in oantal sponsoren

Nijs fan in oantal sponsoren

july 2019: Nijs fan enkele fan u us sponsoren:

Bouwbedrijf Jelle Bruinsma – Harns
Fiifentweintich jier lyn is Jelle Bruinsma dit boubedriuw begûn yn Achlum. De direksje wurdt no foarme troch Jelle, soan Jelmer Bruinsma en Rintje Miedema. Hja hawwe krapoan 70 meiwurkers en it bedriuw is opdield yn trije takken. De agraryske kant, nije wenningbou, ûnder arsjitektuer en it ûnderhâld fan wenningen. Hja wurkje rûnom yn de provinsje. As lêste projekt is der in nije houtskelet montaazjehal boud, dêrfoar hawwe hja in nij prosedee ûntwikkele foar it bouwen fan it houtwurk fan dakken foar wenningen.
Rintsje Miedema hat eartiids ien kear as skoaljonge meidien oan de Freule foar Hitsum. Hy hat letter geregeld meikeatst by ledepartijen. Mei dêrtroch fielt hy him ferbûn mei de Freule en Bouwbedrijf Bruinsma woe dêrom graach de Freule sponsorje.

Eresdé Schoonmaakbedrijf – Harns, Ljouwert, Grins
Neidat Henk Vlietstra út it âlde bedriuw, oprjochte troch syn heit, stapt wie hat hy yn 2006 Eresdé oprjochte. Dit bedriuw is spesjalisearre yn kantoar- en rekreaasjeûnderhâld, brân- en wetterskea, it skjinmeitsjen fan û.o. bakkerijen en fiskferwurkingsbedriuwen. De lêste jierren binne hja ek oan it wurk mei gevelreiniging. It bedriuw Eresdé wurket troch it hiele lân en der binne sa’n 320 meiwurkers.
Henk Vlietstra is in bekende namme yn de keatswrâld. Hy stie 15 jier op de PC, wûn de jongesbûn en Jong Nederlân. Totaal hat hy 125 kear yn de finale stien fan in Haadklasse partij. Hy hat doe in prachtige tiid hân en komt ek noch geregeld op de Freule. Henk sponsort it keatsen op ferskillende manieren en no ek de Freule.

Gritstraal en Coatingbedrijf Tj. v.d. Wal – Boazum
Nei it wurkjen by twa bazen yn leantsjinst hat Tjeerd v.d. Wal is 22 jier lyn in loads bout en is dêryn syn eigen straalbedriuw begûn. Hy is spesjalisearre yn it ‘schoperen’ ek wol metallisearen, termysk spuitsjen of fersinken neamd. Der wurkje seis man by dit bedriuw. Derneist runt soan Jorrit oan de Lange Baan yn Wommels ek in bedriuw, hjir meitsje sy kabelgoaten. Tjeerd is fan de âlde stimpel hat gjin webside, allinnich mar in telefoan. Mar hy hat bulten wurk yn Nederlân, mar docht ek wurk foar bûtenlânske opdracht jouwers. Sy wurkje no in protte oan konteners. Derneist hat hy op de pleats yn Boazum noch in tweintich Fryske hynders. Dy binne bekend ûnder de stâlnamme Fan de Slachtedyk. It keatsen heart der neffens Tjeerd by, yn Boazum is hy in trouwe sponsor, mar woe ek dit jier graach sponsor wêze fan de Freule.

By | 2019-07-22T09:55:52+00:00 juli 19th, 2019|algemien nijs|