Nei 100 jier Freule giet alles gewoan wer troch

/, keatsen/Nei 100 jier Freule giet alles gewoan wer troch

Nei 100 jier Freule giet alles gewoan wer troch

Nei de jubileum partij fan 2002 seach it keatsfjild der min út. It bestjoer fan de Keatsferiening hat yn oerlis mei it Ingenieurs- en Adviesbureau Grontmij it fjild oanpakt. It fjild gie oer de kop, der kaam nije drainaazje en gers yn. Mar ja, it waar hawwe je net yn de hân, foar de Freule yn 2003 moast de brânwar wer yn aksje komme. Wie it foarich jier mei wetterstofsûgers en dweilen no kamen hja mei grutte spuiten om it wiet te meitsjen, it wie fiersten te drûch.

Dit jier krige Edwin Sepma in start ferbod foar de Freule. Hy wenne tydlik yn Tsjummearum, it nije hûs fan syn âlders wie noch net klear yn Frjentsjer, dat hy mocht neffens de KNKB-regleminten net foar Frjentsjer meidwaan. Wytmarsum wie al jierren favoryt en einliks wûnen de jonges de Freule.

Neffens de coach fan Makkum, âld Wommelser Minne Zwaagstra, koe it yn 2004 net misgean. Yn syn auto nei Wommels, mei syn allen ite fan ien stik apeltaart, as sy dat diene wie der in grutte kâns om te winnen. It slagge, mar dat wie ek omdat hja echt de bêsten wiene.

Yn 2005 wie der wer in âld Wommelser coach fan in winnend partoer. Erik Seerden wûn mei Holwert yn de finale fan it partoer fan Wommels.

By de jierwiksel fan 2005/2006 is it stânbyld fan de Freule fan har sokkel trokken. Lokkich stie hja mei de Freulepartij wer kreas op de Terp.

Foar de finale yn 2007 wie der in optreden fan in streaker. Mei ûntbleate ûnderliif makke hy in redslach en swaaide nei it publyk. As beleanning krige hy € 340 fan syn freonen.

Somtiden hawwe doarpen problemen om in keatspartoer byinoar te krijen, mar it is ek in probleem as der fjouwer goeie keatsers binne. Yn 2008 hawwe Wjelsryp en Wommels dat probleem. Wjelsryp hie in dreech lot, mar sy wûnen de Freule. Yn 2009 wer, foar in doarp mei 500 ynwenners is dat wol hiel bysûnder!

Fanôf septimber 2009 giet it Sportinstituut Cios Heerenveen oan syn studinten keatsles jaan. Dit om de Fryske sport wer populêr te meitsjen ûnder de jongerein. Inisjatyfnimmer is sportdosint Tsjalling v.d. Berg.

It dielnimmen oan de Freule wurdt hieltiten profesjoneler oanpakt. It partoer fan Seisbierrum slagget it yn 2011 om te winnen nei help fan in sport psycholooch.

Yn 2014 komt sels de kantonrjochter der oan te pas. Rykhelt Smink fan Baaium moast neffens de KNKB-regleminten keatse foar Wjelsryp. Dêr wie gjin jongespartoer foar hannen. Dêrom woe Smink keatse foar Winsum, de kantonrjochter fan Ljouwert joech Smink gelyk. Hijum-Feinsum wint dit jier mei Laas Pieter fan Straten krekt as heit Any yn 1977.

It folgjende jier alwer in gong nei de rjochter. No giet it om it partoer fan Jelsum, Koarnjum en Britsum.

It bestjoer fan de Freule giet mei har tiid mei en der komt in tribune mei kûpstuoltsjes. Der binne yn 2019 al trije tribunen mei kûpstuoltsjes. Ek is der in tinte foar it ûntfangen fan de sponsoren.

By de Freule fan 2016 stean der foar de earste kear reklamebuorden rûn it keatsfjild. Derneist hongen der ek kaarten mei de tekst: ‘Foar my de Freule bedoarn, reklame op it lân!’ De reklamebuorden hawwe wy net wer sjoen. Ek dit jier wie der wer in driging fan in koartpleit. De KNKB hat in ienlingen belied, mar dêr is net elkenien it mei iens. It bestjoer fan de Keatsferiening bestiet noch mar út fjouwer persoanen, mar hja hawwe it wer oprêden mei al har frijwilligers.

Omdat it dreech is om bestjoersleden te finen foar de Keatsferiening Wommels stelt it bestjoer jannewaris 2016 de ‘Kommisje de takomst fan de Freule’ yn. De kommisje ûnder foarsitterskip fan Sake Saakstra ûndersiket de splitsing fan de KF en de organisaasje fan de Freule. Yn de gearkomste fan maart jout de kommisje útlis oan de leden. It advys fan de kommisje is om te kiezen foar ‘De Stichting Freulepartij’ te Wommels. Yn de ledefergadering fan de KF stimme tweintich leden foar it foarstel en fiif leden binne tsjin. Mids jannewaris 2017 is it nije bestjoer besteande út fiif persoanen foarme. Johan v. Tuinen is de foarsitter. Augustus binne hja ferantwurdlik foar de organisaasje fan de Freule. Ein 2018 is Tjeerd Dijkstra de nije foarsitter wurden fan ‘Stichting Freulepartij’ Wommels.

Hja wurkje gear mei it bestjoer fan de KF Wommels.

Alle jierren wurde de priiswinners fan 50 jier lyn útnûge. Fanôf 2017 ek de winners fan 25 jier lyn.

De keatssport bliuwt yn beweging. Der binne lûden dat der meardere partoeren fan ien feriening meidwaan wolle oan de Freule. It ienlingen belied is ek noch yn diskusje.

De lêste jierren dogge noch altyd rûn de 50 partoer mei oan de Freule.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

By | 2019-08-27T12:02:15+00:00 augustus 27th, 2019|algemien nijs, keatsen|