Loading Events
  • This event has passed.

Keartferkeap foar de Freule Jonges keatspartij Woansdei 8 augustus 2018

Jo kinne kaarten foar de Freulepartij op 3 wizen bestelle of keapje:

Bestelle fia de webside
De kaarten kinne hjirunder yn de websjop ynfold wurde en betelle wurde fia Ideal.
By de opmerkings folle jo yn hokker kaarten jo graach hawwe wolle soene. Yn wike 30 sille de kaarten opstjoerd wurde.
Bestellingen kinne oant uterlik 3 augustus fia de webside dien wurde (hjirnei allinnich noch by Warenhuis Van der Velde yn Wommels).

Bestelle troch jild oer te meitsjen op rekken fan de Freule
De kaarten kinne ek besteld wurde troch it ferplichte bedrach oer te meitsjen op rekkennûmer: NL79RABO 0372 0068 25 op namme fan Stichting de Freulepartij Wommels. Set der wol by hokker kaarten en hoefolle kaarten jo hawwe wolle soene, en ferjit ek net jo postkoade en hûsnûmer derby te dwaan.
Bestellingen kinne oant uterlik 3 augustus fia de rekken dien wurde (hjirnei allinnich noch by Warenhuis Van der Velde yn Wommels).

By ‘Warenhuis Van der Velde’ oan ’t Noard 3 yn Wommels
Wolle jo de kaarten leaver yn de winkel keapje: dat kin fan 23 july 2018 ôf, om 8:00 oere moarns by Warenhuis Van der Velde. De kaartferkeap yn de winkel rint troch oant en mei 7 augustus, de dei foar de Freule.

Fierdere ynformaasje oer de kaartferkeap
Sponsoaren, kommisjeleden en relaasjes fan Keatsferiening Wommels en it Stichtingsbestjoer fan de Freule hawwe de earste kar fan kaarten.

Hawwe jo kaarten besteld fia de webside of it bankrekkennûmer, dan wurde jo kaarten útsocht nei de earste dei fan de frije ferkeap (23 july). Yn wike 30 krije jo dizze kaarten mei de post opstjoerd.

Kaarten dy’t fia de webside of it bankrekkennûmer besteld binne tusken 23 july en 3 augustus wurde yn wike 31 opstjoerd.

Foar minsken mei in beheining is der in mooglikheid om in foarkar op te jaan. Hy as sy kin hjiroer maile nei: kaartverkoop@defreulepartij.nl

Hawwe jo fragen oer de kaartferkeap:kaartverkoop@defreulepartij.nl of 06-53944014

Foar 2018 jilde de folgjende prizen: