It ferhaal

/It ferhaal
It ferhaal 2018-06-07T11:21:08+00:00

De Freule Keatspartij

 

Freule Clara Jacoba barones De Vos van Steenwijk wurdt op 22 febrewaris 1869 berne yn Swol. De mem fan Clara is in dochter fan mr. Idzerd Frans van Eysinga, grytman fan de gemeente Hinnaarderadiel. Hjirtroch hie sy in bân mei it doarp Wommels. Dy wurdt sterker as sy in pear jier by har neef mr. Wiardus Willem Hopperus Buma wennet. Hy wennet mei syn frou yn de filla oan de Van Sminialeane en is boargemaster fan de gemeente Hinnaarderadiel. De freule hat yn de filla har eigen keamer. Sy is tige belutsen by de ynwenners en docht in soad foar de minsken dy’t it net breed hawwe. Alle jierren organisearret se in feest mei in gûcheler, foar de bern. Mei Sinteklaas krije alle húshâldingen, dy’t it dreech hawwe, ien gûne it bern.
Yn 1901 let sy inkelde wenningen op it ‘Ald Hiem’  ôfbrekke, dêrfoar yn plak komme der op ‘it Bosk trije huzeblokken, mei elk fjouwer hûzen. Dizze wenningen steane der no noch. Yn Delft steane deselde type hûzen.
Freule Clara hat ek belangstelling foar it keatsen. Sy is oanwêzich by de Bûnspartij senioaren yn 1902, dy’t yn Wommels keatst wurdt. Sy wol de prizen beskikber stelle foar de jongespartij. Master Oepke Hiemstra, foarsitter fan de keatsklup, komt mei har oerien om yn 1903 foar it earst in jongespartij te organisearjen. De Freule komt mei it jild oer de brêge foar de prizen.
Yn 1905 wurdt de filla oan de Van Sminialeane ôfbrutsen, en nei argewaasje mei de ried leit de boargemaster syn taken del. Hy brekt it hûs stien foar stien ôf en lit it yn Haarlem wer opbouwe.
De freule ferhûzet nei Ingelân en letter nei Vancouver yn Kanada. Yn 1932 hat sy werom west yn it Heitelân. Se wurdt alle jierren troch master Oepke Hiemstra (en letter troch syn soan Petrus) op de hichte hâlden fan har keatspartij. Freule Clara de Vos van Steenwijk ferstjert yn 1960, op in leeftiid fan hast 91 jier.
De Freule stiet al mear as hûndert jier op de aginda. De partij wurdt alle jierren op de earste as twadde woansdei yn augustus spile, en is bedoeld foar jonges yn de leeftiid fan trettjin oant sechstjin jier. De Freule, Keatsferiening Wommels en de NKB hawwe it reglemint opsteld: ‘Aan de kaatspartij mogen deelnemen jongelieden in Nederland woonachtig en niet ouder dan zestien jaren zijne. Ieder partuur moet geformeerd zijn door drie jongelieden uit dezelfde plaats’.
De Freule stelt alle jierren 125 gûne beskikber. Hjirfan wurde horloazjes kocht, in goudene fan sa’n 25 euro, in sulveren foar 15 en horloazjes fan nikkel foar fiif gûne. De Freule is net fuortendaliks akkoard mei it konsept reglemint: de entreepriis fan fyftjin sinten fynt se te bot, tsien is neffens har wol genôch. Dêrnjonken fynt se dat de bern fergees de partij besykje meie soene, en dat earmere minsken ek fergees derby wêze kinne moatte. Op it fjild mei fierder gjin alkohol skonken wurde, en bern moatte fergees yn in draaimûne kinne.
De earste partij soe op 5 augustus plakhawwe, mar dit waard ferset nei 13 augustus. De jonge keatsers komme moarns byinoar yn kafee Hiemstra. 28 partoeren steane der op de list. Yn optocht mei it korps foarop wurdt ôfset nei it keatsfjild ta. ‘Kaatskostuum verplichtend’  stiet der yn in advertinsje op de Ljouwerter Krante.

De prizen
De earste goudene klokjes wurde wûn troch Easterlittens: Hendrik v.d.Feer en de bruorren Thomas en Sijtse v.Buren. De priisútrikking is op de boppeseal fan kafee Struiksma, mei as entree 25 sint. It earste jier hat De Freulepartij in tekoart fan 373,88 gûne. De Freule nimt dat foar har rekken. Yn 1907 wurdt de priisútrikking net mear yn it kafee hâlden om’t de freule fynt dat de jonges nei sa’n ynspannende dei fluch nei hûs ta moatte. Yn 1909 stiet yn in advertinsje dat de jonges, dy’t de keatspartij ien kear wûn hawwe, net wer meidwaan meie oan de partij. Yn 1907 en 1908 wûn Achlum de partij twa kear efterinoar. De winners krigen doe de twadde kear net in klokje mar in goudene ketting. Yn 1920 bliuwe de klokjes foar it earst yn eigen doarp. Reimer Boersma, Eeuwke de Groot en Jappie Krips winne de Freule. Yn 1923 binne der wer nije oanpassingen. Alle doarpen en stêden meie mar ien partoer nei de Freule stjoere.

Tribunes
Yn de begjinjierren kamen der in pear hûndert besikers, yn de jierren 20 komt der in tribune op it keatsfjild. Yn 1956 sels in twadde. Dizze tribune hat lykwols mar koart stien, want op de Freule dei stoarte in part yn. Lokkigernôch gjin ferwûnen by dit ûngelok. Yn 1958 steane der mar leafst trije tribunes op it fjild, en der komme dy dei sa’n fiiftûzen besikers.
Yn de oarloch binne der gjin goudene klokjes te winnen. It partoer fan Menaam kriget sulveren bekers. Yn 1943 en 1944 is der gjin Freulepartij. Yn 1945 kin it wol wer, en binne der diploma’s foar de winners. Letter kinne dizze ynwiksele wurde foar klokjes.
Yn de tiid tusken 1932 en 1950 wurde der yn totaal fjirtjin útdield. Hendrik Gjaltema fan Skalsum is de lêste Freule-kening ea. Hy kriget in Amerikaanske dollar. Yn 1956 wurdt der foar it earst op de Terp yn it midden fan it doarp keatst. Dit bart om’t de finalepartij fan 1955 yn it healtsjuster útspile wurde moast. De winners fan de twadde priis krije letter fan de KNKB ek goudene klokjes. Yn de jierren 50 en 60 hawwe de KNKB en it Wommelser keatsbestjoer drege gearkomsten oer de Freule. It haadbestjoer wol der in bûnspartij fan meitsje. Yn 1959 wurdt dit plan troch de leden lykwols yn it jiskefet smiten. Ek wurdt der in soad praat oer it beslút dat in doarp, nei in oerwinning, it folgjende jier net meidwaan mei. It Wommelser bestjoer komt mei it foarstel dat in spiler op de Freulepartij mar ien kear in goudene klokje winne kin. Dat foarstel wurdt oannaam. Yn 1975 fine de ferienings fan Harns en Dronryp dat de goeie keatsers ûnrjocht oandien wurdt as sy mar ien kear de Freule winne meie. Foarsitter Germ Okkinga seit it sa: “It fuortbestean fan de Freule stiet op it spul. Allinnich ûnder deselde betingsten as fan 67 jier lyn bliuwt de organisaasje mooglik”. Sa bliuwt alles by it âlde.
De Freule is in KNKB-partij. Dus de leden fan de Christelijke Bond voor de Friese Kaatssport (CFK) meie net meidwaan. Nei in fusy fan de KNKB en it CFK yn 1994 ferdwynt dat obstakel. By de fusy wurdt yn de statuten fêstlein dat de Freulepartij in bysûndere partij is en yn Wommels ferkeatst wurdt.
Yn 1949 wurdt de LAB/ôfdielingsbeker útrikt oan de winners. Sûnt 1961 is der foar it winnende partoer in model yn sulver fan de filla fan de freule. De wikselpriis wurdt oanbean troch de âld fee-arts A.J. Hibma út Ljouwert, dêrfoar Wommels, en makke yn it atelier fan J.A. Begeer yn Utrecht. Yn 1991 wurdt der foar it lêst keatst op de Terp. It fjild foldocht net mear oan de noarmen. De Freulekeatsers ferhûzje nei it fuotbalfjild efter de tennisbanen. Hjir wurde de earste en twadde omloop ferkeatst. De lêste jierren steane der fjouwer tribunes om de keatsarena hinne.
Yn it jubileumjier 2002, as de Freule 100 jier âld is, wurdt der twa dagen keatst. Oan it ein fan de middei kaam der in wolkbreuk krekt boppe it keatsfjild, en koe der net mear fierder spile wurde. De folgjende middeis is de wedstriid op it fuotbalfjild útspile. Inkele tribunes binne moarns troch in soad frijwilligers nei it fuotbalfjild brocht. It partoer fan Reahûs/Tirns won ferrassend. Sy binne doe mei in luchtballon fan de Leeuwarder Courant fan it fuotbalfjild ôf de loft yngean. Sûnt dy tiid meitsje de winners in trip mei in luchtballon. Hjir is yntusken lykwols alwer in ein oan kaam.

freule kaatspartij wommels